Conferentie Europese Vrije Alliantie in WTC Expo Vergader- & Congrescentrum

FNP haalt conferentie Europese Vrije Alliantie naar Friesland
 
EFA konferinsje yn 2012 nei Fryslân ta

Brussel – Hjoed hat de FNP mei súkses de EFA-konferinsje yn 2012 nei Fryslân ta helle. De FNP wie al in goed healjier kandidaat en hjoed hat it bestjoer fan de Europarlemintspartij EFA (Europeeske Frije Alliânsje) besluten dat de ynternasjonale konferinsje definityf nei Ljouwert ta komt. De konferinsje sil fan 22 oant en mei 25 maart 2012 hâlden wurde. Op de moeting komme sa'n 140 dielnimmers fan 40 nasjonaliteiten út 16 lidsteaten út hiel Europa.

De FNP sjocht der nei út om gasthear te węzen fan dizze Europeeske byienkomst. De konferinsje duorret 3 dagen dęr't űnder oare in Algemiene Ledegearkomste hâlden wurdt fan de Europarlemintspartij EFA.

Dęrneist komme ek aktuele Europeeske en regionale saken oan 'e oarder. Yn it ferline binne der bygelyks moasjes en resolúsjes opsteld oangeande seekonteners, de finansjele krisis, kustbeskerming en stipe foar de eilannen. Njonken Europarlemintariërs sille nasjonale en regionale politisy fan Wales oant Hongarije en fan Kataloanje oan de Aland eilannen by Finlân dan nei Fryslân komme. Der wurdt ynternasjonale parse ferwachte en tolken sille de partisipanten bystean.

It nei Fryslân ta heljen fan 'e konferinsje past yn 'e eagen fan de FNP by in groeiende partij, dy't ferantwurdlikens nimt op alle nivo's, 'fan Berltsum oant Brussel' aktyf meidraait en no ek yn Fryslân yn it kolleezje fan Deputeare Steaten sit.

De EFA (www.e-f-a.org) is mei 7 Europarlemintariërs fertsjintwurdige yn it Europeesk parlemint. Totaal hat de partij 40 lidorganisaasjes út 16 EU-lidsteaten, mei yn totaal sa'n 3.000 folksfertsjintwurdigers op EU, steats- regionaal- en lokaal nivo.

De lęste jierren wienen de konferinsjes yn Bilbao (2007), Mallorca (2008), Barselona (2009), Fenetië (2010) en de Aland eilannen (2011).

De FNP is ien fan de sân partijen dy’t yn 1981 de EFA oprjochte hawwe.



FNP haalt conferentie Europese Vrije Alliantie naar Friesland

FNP gastheer voor leden Europarlementspartij uit 40 Europese regio's

Brussel - Vandaag heeft de FNP met succes de EVA-conferentie van 2012 naar Fryslân gehaald. De FNP stond al ruim een half jaar kandidaat en vandaag heeft het bestuur van de Europarlementspartij EVA (Europese Vrije Alliantie) besloten dat de internationale conferentie definitief naar Leeuwarden komt. De conferentie zal worden gehouden van 22 tot en met 25 maart 2012. Op de ontmoeting komen zo'n 140 deelnemers van 40 verschillende nationaliteiten uit 16 Europese lidstaten.

De FNP verheugd zich erop gastheer te mogen zijn van deze Europese bijeenkomst. De conferentie duurt drie dagen, waarbij onder andere de Algemene Ledenvergadering wordt gehouden van de Europarlementspartij EVA.

Daarnaast komen ook actuele Europese en regionale zaken aan de orde. In het verleden zijn er bijvoorbeeld moties en resoluties opgesteld over zeecontainers, de financiële crisis, kustbescherming en steun voor de eilanden. Naast Europarlementariërs zullen nationale en regionale politici van Wales tot Hongarije en van Catalonië tot de Aland Eilanden bij Finland naar Fryslân komen. Er wordt internationale pers verwacht en tolken zullen de participanten bijstaan.

Het naar Fryslân halen van de conferentie past in de ogen van de FNP bij een groeiende partij, die verantwoordelijkheid neemt op alle niveau's, 'van Berltsum tot Brussel'  actief meedraait en in Fryslân nu ook in het College van Gedeputeerde Staten zit.

De EVA (www.e-f-a.org) is met 7 Europarlementariërs vertegenwoordigd in het Europees Parlement. Totaal heeft de partij 40 lidorganisaties uit 16 EU-lidstaten, met in totaal zo'n 3000 volksvertegenwoordigers op EU, staats- regionaal en lakaal niveau.

De afgelopen jaren waren de conferenties in Bilbao (2007), Mallorca (2008), Barcelona (2009), Venetië (2010) en de Aland Eilanden (2011).  De FNP is één van de zeven partijen die in 1981 de EVA mee opgericht hebben.

FNP haalt conferentie EFA naar Friesland